-
Privacy
Privacyferklearring fan Koraalorkest Hymne
De feriening mei folsleine rjochtspersoanlikheid: Koraalorkest Hymne, festige te Snits, ynskreaun yn it hannelsregister fan de KvK ûnder nûmer 01102106, hjirnei te neamen de Feriening is ferantwurdlik foar de ferwurking fan de persoansgegevens lykas werjûn is yn dizze privacyferklearring.
Kontaktgegevens: Sekretariaat Koraalorkest Hymne
Weegbree 9
8607 DR Snits
koraalorkesthymne@ziggo.nlPersoansgegevens dy’t de Feriening ferwurket
binne de persoansgegevens (dy’t josels oan ús oerlange ha) om jo te ynformearen oer aktiviteiten, jo yn kontakt te bringen mei oare leden en om kontribúsje yn te sammeljen.
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de persoansgegevens dy’t de feriening ferwurket:-Foarnamme, foarletters, en achternamme
-Datum fan berte
-Geslacht(m/v)
-E-mailadres
-telefoannûmers
-IBAN-nûmerDoel fan de feriening
It doel fan de feriening is it fersoargjen fan optredens fan in koperblazersorkest en in ensemble (karbrief).Foar hokker doel de Feriening de persoanlike gegevens ferwurket
De feriening ferwurket jo gegevens foar de neikommende doelen:
– lidmaatskips-administraasje fan de skriuwer;
– lidmaatskips-administraasje fan de ponghâlder;
– it ferstjoeren fan digitale berjochten.Op hokker basis de Feriening jo gegevens ferwurket
De basis fan de oerienkomst dy’t jo ha mei de feriening foar optredens en repetysjes.Oantekens jiergearkomste.
Yn de oantekens fan de gearkomsten fan Hymne komme allinne de foarnammen te stean.
Foar it brûken fan de achternammen freget de skriuwer tastimming.
Eltse gearkomste kin in lid eksplisyt oanjaan dat de foar- en achternamme net brûkt wurde mei. (Eigen inisjatyf)Hoe lang wol e Feriening jo persoanlike gegevens bewarje
De Feriening sil jo persoanlike gegevens net langer bewarje as strikt needsakelik is om de doelstellingen te berikken. Nei it ôfsluten fan it lidmaatskip (troch opsizzing, ferstjerren of wat oars) hantearret de feriening in behanneling fan 12 moannen foar persoanlike gegevens en dernei wurde alle gegevens ferwidere en ferneatige lykas ek it privacyformulier. De finansjele administraasje is foar de wet ferplicht de gegevens 7 jier te bewarjen.Diele fan gegevens mei tredden
De feriening sil jo persoanlike gegevens net diele en/of ferkeapje oan tredden.Foto’s en filmkes
De foto’s en filmkes dy’t makke wurde komme sûnder persoansgegevens op é side fan Hymne te stean. Yn alle oare gefallen moat der earst tastimming foar komme om in namme te brûken. Wol in lid net op é foto of film dan moat dat lid dat eksplisyt (skriftlik) oanjaan oan it bestjoer.Cookies, of fergelykbere techniken
In koekje is in lyts teksttriem dat bewarre wurdt yn ‘e browser fan jo kompjûter, tablet of smartphone as jo foarearst de webside fan’ e feriening besykje.
De feriening brûkt gjin funksjoneel, analysearjende en/of tracking cookiesMail
De mail adressen wurde yn BCC set sadat net alle adressen mear te sjen binne.Ynsjen, wizigje of ferwiderje fan gegevens
Jo hawwe it rjocht om jo persoanlike gegevens te besjen, te korrizjearjen of te wiskjen. Dêrneist hawwe jo it rjocht om jo ynstimming nei de gegevensferwurking te ferwiderjen of om beswier te meitsjen tsjin ferwurking fan jo persoanlike gegevens troch de feriening.Jo kinne in fersyk stjoere foar tagong, korreksje, fuortheljen, gegevensoerdracht of freegje om ynlûking fan ynstimming of beswier tsjin ‘e ferwurking fan jo persoanlike gegevens nei de feriening fia koraalorkesthymne@ziggo.nl . De feriening sil sa gau as mooglik op jo fersyk reagearje en de gegevens ferwiderje.
De feriening wiist jo op de mooglikheid om in klacht yn te tsjinjen by it nasjonale tafersjoch, de Autoriteit Persoansgegevens. Jo kinne dit dwaan fia de folgjende link https|://autoriteitpersoonsgegevens.nl/nl/contact-met-de-autoriteit-persoonsgegevens/tip-ons
Hoe’t de Feriening de persoanlike gegevens beskermje sil.
De Feriening nimt de beskerming fan jo gegevens serieus en sil passende maatregels nimme om misbrûk, ferlies, net autorisearre tagong, net winske iepenbiermakkerij, en net autorisearre feroarings foar te kommen. At jo tinke dat jo gegevens dochs net goed feilich steld binne of der binne oanwizingen fan misbrûk, nim dan kontakt op mei it sekretariaat fia koraalorkesthymne@ziggo.nl .Wiziging privacyferklearring
Troch feroaringen yn wetjouwing of regelingen of oare ûntjouwings kin it wêze dat de feriening dizze privacyferklearring oanpast om it by de tiid te hâlden. De feriening sil jo aktyf ynformearje oer feroaringen yn de privacyferklearring.