-
HYMNE” mei Judith Sportel en Fries Mannen Ensemble
Posted on september 28th, 2010 No commentsKoraalorkest “Hymne” jout snein 17 okt. om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Boalsert
in konsert mei de fan radio en tillevyzje ferneamde sopraan Judith Sportel.Under lieding fan dirigint Jan Brens sil se mei “Hymne” en it solistekoar “Fries Mannen Ensemble” bekende klassike en geastlike wurken sjonge.
Ferline jier wie der in protte wurdearring foar it optreden fan Hymne mei it Warkumer mannekoar yn in folle Martinitsjerke. Hymne set de jonge tradysje yn Boalsert troch mei in fergees konsert fan sjongen en muzyk yn dizze prachtige klankfolle tsjerke. Dat moat wol slagje mei in soliste as Judith Sportel.Judith Sportel studearre klassike sang oan it konservatoarium fan Swol. Al tidens har stúdzje die se solistysk wurk by ferskate koaren. Se waard lanlik bekend troch it TV-programma “Nederland Zingt”. Se hat toernees makke troch Dútslân en optredens yn Londen, Parys en Praach. Judith giet njonken it klassike it “lichte” sjenre net út ‘e wei.
As alsidich vokaliste hat se ek de wei nei it teaterpoadium fûn mei opera-, operette- en musikal-repertoire. Sportel docht al in skoftke mei yn it “Synergy-ensemble”. Se stribbet der nei om troch in útbalânsearre stimgebrûk en in eigen ynterpretaasje in ekstra diminsje oan de tekst te jaan.Het “Fries Mannen Ensemble” waard oprjochte yn 2008 troch koarlid Koop Lammertsma en dirigint Jan Brens. Undertusken is de groep al tige bekend wurden troch de eigen styl yn konserten en tsjerketsjinsten. De opbringsten fan de CD fan it ensemble binne foar it projekt “Nobody’s Child”: foar in famkesskoalle yn Sri Lanka. Siep Dijkstra en syn frou bringe it jild der persoanlik hinne (op eigen kosten).
Koraalorkest “Hymne” waard oprjochte yn 2003 troch de dirigint en hat him in eigen plakje ta eigene yn it korpslibben yn Fryslân mei al mear as hûndert optredens. “Hymne” hat rom 30 leden, dy’t yn rûnom yn Fryslân wenje. Sûnt de oprjochting wurdt der op moandeitejûn rippetearre yn it Bogerman Kolleezje fan Snits.
Op dizze middei sil “Hymne”, njonken de begelieding fan Judith Sportel en de mienskiplike sang, bekende blaasmuzyk spylje, lykas “Serenity” fan Eric Ball en “Licht dat ons aanstoot in de morgen” yn in bewurking fan de dirigint mei de sjongtekst fan Huub Oosterhuis. Fierder wurdt it bysûnder klankfolle “Graduale” fan Anton Bruckner spile.
Begelieder op it koaroargel is Jan Moens út Luttelgeest, in learling fan de ferstoane Klaas Jan Mulder, dy’t foarhinne hiel wat konserten jûn hat yn Boalsert. Neist in solo op it grutte oargel, begeliedt Jan Moens de dirigint Jan Brens yn in wurk foar saksofoan. -
Start fan it blaasseizoen
Posted on augustus 29th, 2010 No commentsHymne is al wer los. Op 16 augustus wie de earste rippetysje en op 20 augustus waard in oade oan it breidspear Van Ommen yn Heech brocht omdat se 40 jier troud wiene.
Op 28 augustus wie it jierlikse boatreiske. Froukje hat hat dêr wat foto’s fan makke (sjoch it filmke). -
Premjêre JEZUSKANTATE
Posted on maart 10th, 2010 No commentsEarste peaskedei 4 april sil yn de Martinitsjerke fan Snits om 15.30 oere de premjêre fan de Jezuskantate plakfine.
Koraalorkest “Hymne” sil yn ‘e mande mei in grut gelegenheidskoar yn fûgelflecht it libben fan Jezus ferklankje. Dirigint Jan Brens skreau dit wurk foar koar, orkest en ferteller.
Annie Visser, dy’t ek twa jier lyn de “Johannes Passy” glâns joech yn de fertelparten, sil no wer soargje foaar de proazastikken.
Jan Moens út Luttelgeest begeliedt it koar op piano.
It koar bestiet út leden fan it okkerdeis oprjochte “Súdwestkoor”, oanfolle mei oare sangleafhawwers út de súdwesthoeke fan onze provinsje.
“Hymne” hâldt om de twa jier mei Peaske in grut konsert op de middei fan de earste peaskedei. In folgjende kear sil de Johannespassy wer útfierd wurde, wertroch der in tradysje ûntstiet fan peaskejubel. Eartiids wie it net de gewoante yn Nederland om tidens de peaskedagen konserten te jaan. Doe’t “Hymne” hjir yn 2008 mei begûn, die it bliken dat hjir wol ferlet fan wie. In grut publyk geniete doe fan in yndrukwekkende útfiering.
De “Jezuskantate” jout in oersjoch fan de berte, it libben, de dea en de ferrizenis fan Jezus fan Nazareth.
De muzyk bestiet foar it grutste part út bekende wizen. De lietteksten en de ferbinende ferhalen binne lykas de muzykarrangeminten troch Jan Brens makke. Koarlid Wieberen de Wit sil solearje op de dwêrsfluite by inkele parten yn de kantate.
It wurk duorret in dik oere en de tagong is, lykas wenst by “Hymne”, fergees. Wol sil der in kollekte by it útgean wêze om de ûnkosten te dekken.
Foar ynljochtings: J. van der Bij (0515-559597)
-
Benefyt Konsert foar Edukans
Posted on januari 4th, 2010 No commentsBenefytkonsert koraalorkest Hymne
Koraalorkest Hymne hâldt op 17 jannewaris om 15.30 oere in benefytkonsert foar Edukans yn de Martinitasjerke fan Snits. Meiwurking wurdt der jûn troch it 100 persoanen tellende gelegenheidskoar 2010 út de Súdwesthoeke.
It krystkonsert fan “HYMNE” koe troch it winterwaar dit jier net trochgean. As kompensaasje wurdt der op 17 jannewaris in benefytkonsert jûn dêr’t de opbringsten fan bestimd binne foar Edukans. Edukans is in ûntwikkelingsorganisaasje dy’t yn trêde-wrâld-lannen it ûnderwys stipet: troch finânsjele help foar skoalgebouwen en learmiddels.
It oanpaste programma programma duorret in oere en bestiet út yntrumintale muzyk, koarsang en it mei inoar sjongen. De algehiele muzikale lieding is in hannen fan dirigint Jan Brens.
“Hymne” spilet û.o. “Neapolis” (betsjut lykas Napels: nije stêd) fan komponist Dean Goffin en “Licht, dat ons aanstoot in de morgen” yn in bewurking fan de dirigint.
It “Koar 2010” bestiet út leden fan ferskate ferienings út Snits, Wymbritseradiel en oare sjongleafhawwers út de Súdwesthoeke. Yn in ekstra rippetysje hat it koar in pear lieten oan it repertoire taheakke, û.o. “De dag van dit gezang” en “Dank sei Dir, Herr”.
De begelieding op piano is yn hannen fan Jan Moens uit Luttelgeest en âld-Snitser Bouwe Marra. Jan Brens lit wer in saksofoan solo hearre.
De doelstelling fan dirigint en leden is om waarmte te fersprieden troch muzyk en it mei elkoar sjongen! De tagong is fergees, mar nei ôfrin is der in kolekte foar “EDUKANS”
Sûnt de oprjochting yn 2003 kent it orkest al inkele tradysjes lykas it krystkonsert op de snein fóárde Kryst yn de “Martini” en ien kear yn de twa jier mei Peaske in eigen kantate. Yn 2010 wurdt de “JEZUS-KANTATE” útfierd yn de mande mei in grut gelegenheidskoar. De première fan dizze kantate, dy’t skreaun is troch Jan Brens, is op de earste peaskedei om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Snits.