-
“It wûndermearke fan Joazef”
Posted on februari 20th, 2012 No comments -
Krystkonsert “Hymne” mei it “Krystkoar 2011”
Posted on december 1st, 2011 No commentsKoraalorkest HYMNE hâldt syn tradisjonele krystkonsert op snein 18 des. om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Snits. Ek dit jier is der wer in grut krystkoar foarme dat bestiet út leden fan it “Súdwestkoor”, oanfolle mei sangleafhawwers út de gemeente Súdwest-Fryslân. It gehiel stiet ûnder leiding van dirigent/saxofoanist Jan Brens út Snits.
As gebaar nei syn publyk binne de konserten fan Hymne op sneintemiddeis altyd fergees. It is sûnt de oprjochting al wer de njoggende kear dat it orkest op de snein foar de krystdagen in krystkonsert jout.
De 32 leden fan it orkest komme út in 20-tal plakken yn ús provinsje. Alle jierren wurket Hymne mei oan sa’n 15 evenemínten: fan konserten, betinkings oant tsjerketsjnsten.
De lêste 5 jier krije de leafhawwers fan sjongen út de Súdwesthoeke fan Fryslân de kâns om yn in grut koar mei te sjongen. Yn in 5-tal repetysjes binne dit kear 11 krystlieten ynstudearre.
Ofwikseljend wurde âlde en nije lieten útfierd mei orkest en mienskiplik sjongen. HYMNE spilet in pear wurken fan Jacob de Haan, û.o. “Der Mond ist aufgegangen” en “Ich steh an Deiner Krippen her”. Dêrnjonken lit it orkest in pear bewurkings fan de dirigint hearre: “European Christmas”, “Licht dat ons aanstoot in de morgen” en “Panis Angelicus”.
It “krystkoar 2010” mei mear as 100 leden sjongt mei HYMNE “Peace like a River”. Fansels krije ek de âlde fertroude lieten rom omtinken.
Om de kosten te dekken is der by it útgean in kollekte.
-
Trijelûk-konsert yn Boalsert
Posted on oktober 19th, 2011 No commentsKoraalorkest Hymne, Hinsz-oargel en “Keppelfeest”
Koraalorkest Hymne û.l.f. dirigint/saksofoanist Jan Brens út Snits jout op snein 30 oktober om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Boalsert in “trijelûk-konsert”. Dêrmei wurde twa eleminten oan elkoar ferbûn troch oargel en orkest: it Keppelfeest (60-jier nei Kneppelfreed) en Herfoarmingsdei (30 okt.).
– Tidens it konsert sille lieten út de op ‘e nij útjûne bondel fan Fedde Schurer syn “Gitaar by it boek” spile, songen en foardroegen wurde. De lieten binne op muzyk setten troch û.o. Hindrik van der Meer en Jan de Jong. Op dizze middei wurde “Manna” en “It gebed fan Habakuk” mei elkoar songen ûnder begelieding fan Hymne.
– Frou Anne Visser deklamearret inkele gedichten út de nije bondel dy’t dizze middei ek te krijen is by de Fryske Boekeklub achter yn de tsjerke.
– Jan Moens út Luttelgeest spilet mei Hymne in 5-tal wurken op it ferneamde Hinsz-oargel út 1781, û.o. “Tollite hostias” fan Camille Saint Saëns en “Finale” fan N.J.Lemmens.
– It “Lascia ch’io pianga” (liet fan de frijheid) wurdt spile troch oargel, orkest en saksofoan.
– Yn ferbân mei de herfoarmingsdei (31okt.) sil in bewurking fan dirigint Jan Brens fan it Lutherliet “In sterke festing is ús God” te hearren wêze. It arrangemint is bedoeld foar orkest, oargel en publyk.
Foar de takomst: op 15 april 2012 komt de nije CD van “Hymne” út mei in presintaaasje yn de Martinitsjerke fan Boalsert. Meiwurking oan de CD en de presintaasje jouwe de bekende sopraan Judith Sportel en oargelist Jan Moens yn een ôfwikseljend programma mei bysûndere wurken foar sopraan en orkest.
It Programma foar 30 oktober
- HYMNE: “Spirit of the living God”-trad. / arr. Jan Brens
- Deklamaasje: ”Gods wet komt út de donkerheid” – Fedde Schurer
- Gearsang mei HYMNE: “Manna”- tekst Fedde Schurer – muzyk Hindrik van der Meer
- HYMNE + oargel:“Tollite hostias”- Cam.Saint Saëns/arr.Kaspersma
- Oargelsolo: “Mars”-G.F.Händel
- HYMNE: “Graduale ”út “ Sacred Music” – Anton Bruckner
- Deklamaasje:”God en de Keizer”- Fedde Schurer
- HYMNE + oargel/saxello: “Lascia ch’io pianga” – G.F.Händel
- Gearsang mei HYMNE: “Gebed fan Habakuk”- tekst Fedde Schurer – muzyk Jan Brens
- HYMNE + oargel: “Finale”- N.J.Lemmens
- Deklamaasje: “De skriftgelearden” – Fedde Schurer
- HYMNE: “Lead me Lord” – S.S.Wesley / arr. Jan Brens
- HYMNE + oargel: “Peace like a river” –
- Deklamaasje: “Sizzen is neat” – Fedde Schurer
- HYMNE + oargel: “Luther Koraal” – arr. Jan Brens
- HYMNE: “Evening Song”- arr. Jan de Haan
De tagong fan beide konserten is fergees. Nei ôfrin is der in kollekte om de kosten te dekken.
——————————————————————————————–
Ha jo nocht om mei te spyljen by Hymne?
Wy kinne noch wol in pear kornetblazers brûke.
Skriuw eefkes in meeltsje troch yn de menubalke boppe “Kontakt” oan te klikken.
——————————————————————————————–
-
SIMMERKOAR” mei Thijs van Leer
Posted on juli 30th, 2011 No commentsOp snein 7 augustus om 20.00 oere is yn ‘e St.Martinustsjerke oan ‘e Singel yn Snits in grut konsert fan it SIMMERKOAR û.l.f. Jan Brens. As gast sil dêr wêze de fluitspiler Thijs van Leer, dy’t in freon is fan ‘e dirigint. Al sûnt 25 jier spilet hy by ferskate konserten yn en bûten Fryslân. Syn begelieder is de ek ferneamde oargelist/pianist Wybe Kooijmans fan ‘e Grutte Tsjerke yn Naarden.
Yn ‘e santiger jierren begûn Thijs mei de band “Focus”. De platen “Introspection” waarden wrâldferneamd. In pear jier ferlyn kaam de groep wer byelkoar en gong op toernee troch Europa. Yn 1989 wie hy mei Marco Bakker op konserten yn Fryslân mei dirigint/saksofonist Jan Brens. Wybe Kooijmans wurdt in soad frege as oargelist yn binnen-en bûtenlân. Ôfrûne moanne wie hy noch yn Boalsert en Easterein. Op piano begelate hy in grut oantal ferneamde artysten.
Op it oargel spilet hy in stik allinnich en mei de dirigint op saksofoan û.o.”Lascia ch’io pianga”.
It “SIMMERKOAR”is in projektkoar en bestiet út 55 leafhawwers dy’t yn ‘e fekânsjetiid trochsjonge wolle. Hja komme út Súdwest-Fryslân en de Stellingwerven fan sa’n 10 oare koaren. It koar jout in trijetal konserten yn en om Snits. De útsmiter is dit Snitswikekonsert. Men sjongt pop-en musicalsongs, gospels en shanty’s. Begelieder op piano is disse jûn Oeds Wijnsma út Ljouwert.
It Frysk Blazers Ensemble bestiet út leden fan koraalorkest “Hymne”en oare korpsen út Snits en omkriten. It orkest, mei deselde dirigint as it “SIMMERKOAR”, begeliedt Thijs van Leer yn “Bist du bei mir” fan Bach en “Menuet from Berenice” fan Händel. Sels spilet it orkest noch it moaie stik “Gabriëlla’s sang” út ‘e film “As it is in heaven”. In premjêre is de “Sneekweek-Ouverture”, basearre op it liet “I am sailing” yn in bewurking fan ‘e dirigint. It lêste nûmer is in liet yn it Stellingwerfs. Disse “Aovend-Hymne” is yn 2001 makke troch Johan Veenstra en is opnommen yn de “Stellingwarf Cantate” , skreaun troch him en Jan Brens. Kaarten à 10 euro binne te krijen by de V.V.V. yn Snits en muzykhannel Frans v.d. Hauw.
-
Posted on juni 17th, 2011 No comments
Passykonsert yn de Baptistentsjerke.
Op 13 maart joech Hymne in konsert mei it Baptistentsjerkekoar yn Snits. In fotoympresje sit ûnder “Album weergeven” en “Diavoorstelling afspelen”.
Album weergeven
Diavoorstelling afspelen——————————————————————————————-
-
Konsert yn Haren
Posted on februari 28th, 2011 No commentsHarener kerkkoor met bariton Henk Wester o.l.v. Jan Harryvan
en Koraalorkest “Hymne” uit Sneek o.l.v. Jan Brens
en soliste de sopraan Greetje de Haan
organist ANCO EZINGA
op zaterdag 5 maart 2011
in de Gorechtkerk te Haren
-
CD-presintaasje en konsert
Posted on februari 25th, 2011 No commentsSnein 10 april 2011 om 15.30 oere wurdt yn de Martinikerk fan Boalsert de nijste CD fan it
“Fries Mannen Ensemble” en JUDITH SPORTEL presintearre
m.m.f. Koraalorkest “HYMNE” en “Frysk Koper Ensemble”
muzikale lieding JAN BRENS
presintator: Douwe Heeringa
gastsprekker: Jan Brandsma
De tagong is fergees.
===================================
-
Fakatueres
Posted on februari 22nd, 2011 No comments——————————————————————————————–
Ha jo nocht om mei te spyljen by Hymne?
Wy kinne noch wol in pear kornetblazers brûke.
Skriuw eefkes in meeltsje troch yn de menubalke boppe “Kontakt” oan te klikken.
====================================================
-
Krystkonsert Koraalorkest “Hymne” mei “Krystkoar 2010”
Posted on december 3rd, 2010 No commentsKoraalorkest HYMNE hâldt syn tradisjonele krystkonsert op sein 19 dec. om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Snits. Ek dit jier is der wer in grut krystkoar foarme, besteande út leden fan it “Súdwestkoar”, oanfolle mei leafhawwers fan sjongen út de omkriten fan Snits. It gehiel stiet ûnder lieding fan dirigint/saksefoanist Jan Brens út Snits. It is al wer de achtste kear dat it orkest, sûnt syn oprjochting, in krystkonsert jout. HYMNE sjocht noch hieltyd kâns om syn publyk de konserten fergees oan te bieden op de sneintemiddeis. Spitigernôch koe it konsert fan ferline jier om it winterske waar net trochgean.
De leden fan dit spesjaal op koraalmuzyk rjochte orkest komme út alle hoeken fan de provinsje. It eigen karakter fan it orkest sprekt har oan. Alle jierren wurket it orkest mei oan sa’n 15 optredens, konserten, betinkings en tsjerketsjinsten.
De lêste 4 jier jout Hymne de sjongers út de Súdwesthoeke fan Fryslân de kâns om yn in grut koar mei te sjongen by inkele útfierings fan Hymne. Yn in trijetal repetysjes binne dizze kear 11 krystlieten ynstudearre. Orkest en koar wikselje inoar ôf yn it konsert wêrby’t âlde en nije lieten te hearren binne. Der is ek wer romte makke yn it programma foar it mei elkoar sjongen.
HYMNE spilet û.o. in pear wurken fan Jacob de Haan: “The Spirit of Christmas”en “Ich steh an Deiner Krippen her”. Dêrnjonken binne der komposysjes fan de dirigint: “In Bethlehems stal” en “Licht dat ons aanstoot in de morgen”.
It “Krystkoar 2010” sjongt û.o. mei HYMNE it “A day of Glory” fan Ray Shepherd en “Mary’s Boy Child” yn in bewurking fan de dirigint. Ek it nije krystliet “Kom, ’t is Kryst” mei tekst en muzyk fan Jan Brens, sil it koar sjonge. Fansels sille de âlde, bekende lieten rom omtinken krije, benammen by it mienskiplik sjongen.
Om de kosten te dekken wurdt by de útgong in kollekte hâlden.
-
Wylst de wrâld fan wille skattert
Posted on oktober 4th, 2010 No commentsOp snein 7 novimber sil yn de RK Tsjerke op It Hearrenfean de premjêre wêze fan
“Wylst de wrâld fan wille skattert”,
it Frysk Rekwiem fan Jan de Jong en Eppie Dam troch it Keamerkoar Con Amore Musica.
Yn it Frysk Rekwiem wurde de fêste ûnderdielen fan de Latynske deademis (Requiem Aeternam, Kyrie, Sanctus, Agnus Dei, Lux Aeterna, Pie Jesu, In Paradisum) ôfwiksele mei út it Ingelsk oersette teksten.
Se bekommentariearje de fêste sangen, dy’t hjir oars frijer werjûn binne as yn har tradisjonele foarm. Neist fjouwer oersettingen, draacht Eppie Dam trije teksten by fan eigen hân.
Yn ’e komposysje fan Jan de Jong is in foarname rol weilein foar de sopraansaksofoan. It ynstrumint past fan natuere goed by it strykensemble dêr’t er lyksa foar keas. As klavierynstrumint kompletearret net it oargel, mar de piano de net-fokale besetting. It Frysk Rekwiem is skreaun foar mingd koar en twa solisten: mezzosopraan en bariton.
Der is in twadde útfiering op 4 maaie om 20.30 oere yn de Martinitsjerke fan Boalsert.