-
It wûndermearke fan Joazef
Posted on april 11th, 2013 No commentsOp snein 14 april om 15.30 oere wurdt yn de RK tsjerke fan it Hearenfean un bysûnder konsert jûn. Koraalorkest HYMNE en it80 leden tellende SÚDWESTKOOR út Snits, beide û.l.f. dirigent/saxofonist Jan Brens bringe it troch de dirigent makke wurk “It wûndermearke fan Joazef”. Mei ferteller Teo de Groot út Ljouwert, tenor/bariton Mario van der Werf út Snits en pianist Jan Moens út Luttelgeest musisearje koor en orkest yn fûgelflecht troch it libben fan Joazef út it âle testamint.
It muzykstik, dat ferline jier syn première hie yn Snits, foel der tige yn by in folle Eastertsjerke. It wurk duorret in oere. No’t it okkerdeis fergrutte poadium yn de Feanster RK tsjerke mear romte jout, lient de tsjerke him tige foar koar, orkest en solisten fan rom 110 leden. Teksten en arrangeminten foar koar en orkest binne fan Jan Brens.De meldijen binne foar it grutste part makke nei klassike komposjes. De meldij fan de yntro en dy fan it slotliet herinnerje oan de musical, dy’t makke is trochAndrew Lloyd Webber. Sjoerd Osinga uit Idskenhuizen spilet op de pauken en het klokkespul by it orkest.
De solopartijen fan Joazef, de Farao, de skinker en de bakker wurde troch Anne en Mario van der Werf vertolke. De djippe basstim fan Teo de Groot soarget foar de juste sfear yn de fertelteksten fan de komposisje. De trije solisten binne leden fan it FRIES MANNEN ENSEMBLE. Sjoch foar mear ynformaasje en de CD’s fan orkest en koar: www.koraalorkesthymne.nl, www.sudwestkoor.nl, www.friesmannenensemble.nl en www.janbrensdirigent.nl
De tagong is fergees. By it útgean is der in kollekte om de ûnkosten te dekken.
-
Hiel wat mânsk
Posted on januari 29th, 2013 No comments -
Konsert HYMNE en Krystkoar 2012
Posted on december 10th, 2012 No commentsOp snein 23 des. om 15.30 oere hâldt koraalorkest “Hymne” û.l.f. dirigent/saxofonist Jan Brens it jierlikse krystkonsert yn de Martinitsjerke fan Snits. It grutte krystkoar fan rom 120 leden hat als basis it Súdwestkoar, oanfolle mei leafhawwers fan ferskate koaren út Snits en omjouwing. It koar hat oefene op in 9-tal krystwurken. As koarsolisten wurkje mei Mario van der Werf út Snits en Theo van de Logt út Warkum. De begelieding op piano is yn hannen fan Jan Moens út Luttelgeest.
HYMNE hat njonken de tradisjonele wurken fan û.o. Jacob de Haan, in pear nije krystbewurkingen, lykas fan it ferneamde “Cantique de Noël” en it “Still a Bach Christmas” yn in bewurking fan de dirigint. Ek it mienskiplik sjongen wurdt troch it orkest begelaad. Slachwurker Sjoerd Osinga út Jiskenhuzen begeliedt HYMNE op slachwurk (pauken, drumstel, buisklokken).
It krystkoar lit inkele bysûndere wurken hearre, û.o. “Adiemus” en “A la Berline Postiljon”, fan Herman van Veen, beide yn in bewurking fan Jan Brens. It grutte koar sjongt ek op krystjûn (24 des.) yn de hal fan it Antonius Sikehûs by de tradisjonele krystnachttsjinst om 19.30 oere, m.m.v. sopraan Monique Topeeters út Warkum.
De manlike solisten sjonge soli yn “The day you sang this song”, en “Hallelujah” fan Leonard Cohen, yn ‘e mande mei koor en publyk.
De tagong fan dit tige ôfwikseljende konsert is fergees. Wol is der in kollekte by de útgong.
-
Krystkonsert 2012
Posted on december 4th, 2012 No commentsKoraalorkest Hymne
m.m.f.
“KRYSTKOAR 2012”
solosang Mario van der Werf
en Theo van de Logt
pianist/organist Jan Moens
algehiele muzikale lieding Jan Brenssnein 23 desimber 2012
yn de Martinitsjerke
te Snits
15.30 oere
Tagong fergees (kollekte) -
Krystkonsert “Fries Mannen Ensemble” mei Judith Sportel en HYMNE
Posted on november 29th, 2012 No commentsOp freed 14 desimber om 20.00 oere sil it Fries Mannen Ensemble yn de Martinitsjerke fan Boalsert syn krystkonsert hâlde. As gast treedt op de lanlik bekende sopraan Judith Sportel en koraalorkest HYMNE. De muzikale lieding is yn hannen fan dirigint/saxofoanist Jan Brens út Snits.
It ensemble, dat takom jier syn 1e lustrum fiert, hat sa njonkenlytsen fia konserten, tsjerketsjinsten en oare optredens in protte wurdearring krigen. Der waarden twa CD’s makke; by de lêste hat ek Judith Sportel in grut oanpart hân. Alle opbringsten geane nei de famkesskoalle op Sri Lanka troch de stichting “Nobody’s Child”. Leden en dirigint wurkje belangeleas mei oan alle repetysjes, optredens en andere aktiviteiten. Yn de takomst sil ek in part fan de jilden brûkt wurde foar stipe fan pleatslike “voedselbanken”.
Het repertoire fan it solistenkoar bestiet dizze jûn út û.o. inkele wurken út de “Messiah” fan Händel, it “Gloria” fan Vivaldi en fansels tradisjonele krystlieten.
In bysûnder wurk is “Still a Bach Christmas”. Earst sil in bewurking hjirfan troch HYMNE spile wurde, folge troch it Fries Mannen Ensemble, mei as trêde fariaasje de ferzje fan Judith Sportel. De measte bewurkingen binne fan de dirigint.
Sopraan Judith Sportel út Hoogeveen is ôfstudearre oan it konservatorium fan Swol. Bûten tsjerkelieten (bekend fan “Nederland Zingt”-EO), bestiet har repertoire út klassike wurken, musikals en filmmuzyk. Oan ferskate konserten fan it FME en HYMNE hat Sportel earder meiwurke. Dizze jûn sil hja yn ûnderskate kombinaasjes har soli hearre litte.
Koraalorkest HYMNE bestiet takom jier 10 jaar en hat troch har spesjale klank en programmakar in protte leafhawwers oan har bûn. By de lêste CD (al wer de 3e) hat ek Judith Sportel har meiwurking jûn. HYMNE hat 30 leden út in 20-tal ferskillende plakken yn Fryslân. Eltse wike repetearret Hymne op moandei yn it Bogerman yn Snits en jierlijks binne der mear as 15 optredens. In protte stikken binne troch Jan Brens komponearre of bewurke. Nij is dizze jûn û.o. it “Cantique de Noël” fan A. Adam. Der binne ek wurken fan de Fryske komponist, Jacob de Haan, te beharkjen.
De begelieders op piano en/of oargel binne Jan Moens út Luttelgeest en Oeds Wijnsma út Ljouwert. De koarleden Anne van der Werf (op grutte oargel) en soan Mario sjonge en spylje tegearre “In de stilte van de nacht”.
De tagong by dit bysûndere konsert is fergees! Der wurdt wol in kollekte hâlden..
-
Kerst-sing-in
Posted on november 20th, 2012 No comments -
Der binne noch inkele Bûsboekjes 2013
Posted on november 20th, 2012 No commentsDe redaksje fan it Bûsboekje, de iennigste Fryske aginda, dielt mei dat minsken dy’t noch graach in eksimplaar ha wolle der flot by wêze moatte. No’t Sinterklaas foar de doar stiet komt de boaium yn sicht. Wa’t syn holle noch brekt oer wat foar kadoke der dit jier betocht wurde moat kin noch terjochte op www.frysk-busboekje.nl/ of by 06 10586047.
Dit jier dûkt it Bûsboekje 2013 yn de wrâld fan de blaasmuzyk: de wrâld fan de minsken mei de grutte wangen en de folle lippen, de wrâld fan it glimmende koper en it tetterjende lûd, mar ek fan de dragende toan en de harmony; de wrâld fan konkoersen, kampioenskippen en kuierjende korpsen troch de strjitten. Foar guon in tiidferdriuw, foar guon in libbensfulling. Foar oaren in ûnbekende wrâld.
De redaksje is al wer drok dwaande mei it Bûsboekje 2014: regeare is foarút sjen. It tema foar dat jier is al fêststeld en de redakteuren wurde no oansocht.
———————————————————————————————————————————
-
OMF Konsertkonkoers op Omrop Fryslân
Posted on november 1st, 2012 No commentsLive te hearren op sneon 10 novimber op Omroplive.nl.
It twadde Konsertkonkoers fan dit jier, organisearre troch de ‘Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân’ is sneon fan 9:30 oere ôf rjochtstreeks te hearren op Omroplive.nl. Alle nûmers binne letter werom te hearren op Koperkanaal.nl en yn it radioprogramma ‘Muzyk Maskelyn’. De koralen fan de ferskate orkesten sille yn de útstjoerings fan Koperkanaal FM te hearren wêze.
De ‘Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân’ wol de amateuristyske muzykbeoefening stimulearje. Dit spesjale konkoers wurdt twa kear yn it jier organisearre foar de ferienings dy’t by de organisaasje oansluten binne. De ferienings kinne op dizze wize dielnimme oan de Nederlânske Brassband Kampioenskippen.
De orkesten binne ferdield yn fiif ferskillende divyzjes. Dit konkoers binne der ek wer in soad orkesten fan Fryske boaiem: ûnder oaren de ‘Friese Jeugdbrassbrand’ en it ‘Fries Jeugd Harmonie Orkest’ jouwe harren muzikale bydrage. De winners fan it solistekonkoers ‘De Klank fan Fryslân 2012’ spylje yn it jûnsprogramma fan it konkoers.OMF Konsertkonkoers
Sneon 10 novimber 2012 fan 9:30 oere ôf de hiele dei op Omroplive.nl.
Alle nûmers binne letter werom te hearren op Koperkanaal.nl en yn it programma ‘Muzyk Maskelyn’, alle sneinen fan 18:00 oant 19:00 oere op Omrop Fryslân Radio. De koralen sille útstjoerd wurde yn Koperkanaal FM, alle sneinen fan 6:00 oant 8:00 oere. -
Konsert Harener Kerkkoor en Koraalorkest Hymne
Posted on oktober 15th, 2012 No commentsSnein 28 oktober om 15.30 in de Sudertsjerke yn Snits
Ferline jier ha it Harener Kerkoor en Koraalorkest Hymne tegearre in konsert jûn yn de Gorechtkerk fan Haren. Dit jier is it Harener koor te gast by Hymne. It konsert duorret likernôch in oere en de tagong fergees. Der is gjin skoft.
Om en om sille koor en orkest har hearre litte wylst se oan ‘e ein mienskiplik optrede sille. It programma bestiet út geastlike muzyk mei û.o. troch Hyhmne it ferneamde Leger des Heils stik “The Light of the world”, inkele bewurkings fan dirigint Jan Brens en it bekende Crimond bewurke troch Oldenziel. Ek it koor lit inkele bekende en minder bekende stikken hearre.
-
Utrikking 3e CD
Posted on april 10th, 2012 No commentsOp snein 15 april middeis om 15.30 oere sil de tredde CD fan Hymne útrikt wurde. Dizze CD is opnommen yn de winter fan 2012 mei help fan Judith Sportel.
Op dizze middei sille stikjes fan de CD te hearren wêze. Inkele nûmers mei soliste Sportel.
It foarriedige programma sjocht der sa út:
1. HYMNE—–út “Reade Boekje” nr.101 (Stracathro)
2. HYMNE—–“Der Mond ist aufgegangen” + orgel
3. Judith Sportel en Jimco Zijlstra—eigen repertoire
4. HYMNE—–“Tsjuster wie de ierde”
5. Jan Moens en Jan Brens—“Bist du bei mir”
6. Orgelsolo Jan Moens
7.HYMNE—–“Finale” (eerste gedeelte “The new day”)
8.HYMNE +Judith—“Lead me Lord” (event. “Berenice”)
9.Judith Sportel en Jimco Zijlstra—eigen repertoire
10. HYMNE + Judith + orgel—-“To Thee, o God”
a. HYMNE
b. Judith + “donker” koper
c. Judith + “donker” koper
d. HYMNE + orgel