-
Rûte Wetterpleats
Posted on februari 4th, 2015 No commentsWy hâlde ús jiergearkomste dit jier yn de Wetterpleats yn Twellegea op 9 febrewaris om 19.30 oere. Adres: Lytse Súdein 3.
Nim de âlde Rykswei nei Oppenhuizen/Uitwellingerga. Nei it yndustryterrein komt der earst in rotonde: rjochtút. Dan in ôfslach nei links: rjochtút. Fuort dêrnei in ôslach nei rjochts (pylkje op de kaart). Dêr ôfslaan en trochride nei it PMkanaal. Links ûnder de brêge troch en dan de earst ôfslach rjochts en je ride op de Wetterpleat ta.
Op kaartsje klikke om te fergrutsjen.
-
Rûte Nijegea
Posted on februari 4th, 2015 No commentsDe âlde Herfoarme tsjerke leit mar in pear hûndert meter fan de N31 (de Wâldwei). Komme jo fan Ljouwert dan by de ôfslach Nijega, Oudega, Opeinde rjochts ôfslaan. Fan de Drachtster kant ôf is it linksôf oan de ein fan de ôfslach.
-
Julia fiert har jierdei mei in stikje selsbakte boffert foar de Hymners
Posted on januari 28th, 2015 No comments -
Optreden Bennemastate
Posted on december 16th, 2014 No commentsSneon 28 febrewaris om 14.30 is Hymne te gast op Bennemastate. Globaal sjocht de middei der sa út:
14.30 iepenjen troch in meiwurker fan Bennemastate
14.35 earste part fan it optreden
15.05 skoft
15.20 twadde part fan it optreden
15.55 slotwurden fan in meiwurker fan Bennemastate.
Yn it programma sitten in pear lieten dy’t meisongen wurde kinne.
-
11e Krystkonsert fan Koraalorkest Hymne
Posted on december 4th, 2014 No commentsIt 11e Krystkonsert fan Koraalorkest Hymne û.l.f. Roelof Bakker yn de Martinitsjerke fan Snits is wêr op de lêste snein foar de krystdagen: 21 des. om 15.30 oant 16.45.
Dizze kear mei meiwurking fan it Interkerkelijk Mannenkoor Drachten û.l.f. Harm van der Meer. Orkest en koar biede in tige ôfwikseljend programma fan âlde bekende en minder bekende meldijen út ferskate lannen. Sa steane der wurken fan Bach, Händel en Bradsburry op it programma en dêr njonken wat tichterby hûs fan Ferwerda en Klaas Jan Mulder. Fansels wurde de harkers ek útnoege om in tal bekendere lieten mei te sjongen. De tagong is fergees en by de útgong is der in kollekte om de ûnkosten te dekken.
It earste nûmer fan de hijste CD fan it IMD:
-
Krystkonsert
Posted on november 3rd, 2014 No commentsMei de beide dirigenten fan Hymne en it IMD binne ôfspraken makke oer de opstelling en in tal praktyske saken. Dat binne:
– Hymne sit foar de preekstoel mei de rêch der nei ta (gesicht nei it publyk)
– it koar (110 man) sit yn de banken foar it oargel en bliuwt dêr ek tidens har optreden,’
– it konsert duorret likernôch fiif kertier, mei twa kear in blokje fan 15 min. foar korps en koar,
– der is romte foar it sjongen fan it publyk fan 15 minuten,
– kofje is foar rekken fan Hymne, foar IMD is dat as se om 14.00 oere binnenkomme,
– 14.00 oere ynspyljen fan Hymne,
– 14.30 oere ynsjongen fan IMD,
– 15.00 oere korps en koar lûke har werom wylst it publyk der ynkomt, doar iepen om 15.00 oere en dy giet net om 15.30 ticht,
– 15.30 oere komt earst it korps op mei ynstruminten, útsein bassen en trombones,
– iepening troch de foarsitter (advys oan publyk om net te klappen tidens it konsert, mar oan ‘e ein). Dêrnei komme de dirigenten der yn.
-
Tsjerketsjinst yn Eastermar
Posted on oktober 29th, 2014 No commentsSnein 9 november begelieding fan de Fryske tsjerketsjinst yn Eastermar om 9.30 oere.
It adres is:
Torenlaan 12-14
9261 VZ EastermarDe tsjerke stiet krekt foar It Heechsân oan de dyk fan Eastermar nei Skûlenboarch.
Graach om 8.30 oere oanwêzich om earst yn te spyljen. -
Twa foto’s fan Surhústerfean
Posted on oktober 17th, 2014 No comments -
Hommaazje oan Johan Cnossen
Posted on oktober 16th, 2014 No commentsHij heeft de blauwe sokken van Koraalorkest Hymne uit Sneek nog aan als hij de laatste noten van het Fries Seniorenorkest (FSO) blaast. De 79-jarige Johannes Cnossen uit De Wilgen weet van geen ophouden.
-
Seniorenfestival
Posted on oktober 6th, 2014 No commentsIt hiele programma is te finen op http://omfryslan.nl/bestuur-blaasmuziek/seniorenfestival/