• Oer Hymne

    Yn augustus 2003 hat Jan Brens in advertinsje setten yn de Snitser krante mei de fraach oft der muzikanten wiene dy’t der nocht oan hiene om ien kear yn de wike koraalmuzyk en  koraalbewurkingen te spyljen. Der kaam fuort al hiel wat flecht op de koai. Oeral út de provinsje wei joegen muzikanten har op, fan Eksmoarre, Bûtenpost oant Surhústerfean en De Wylgen. Kennelik wie der ferlet fan sa’n konsept. Yn  septimber koe der yn ien fan de sealen fan it Bogermankolleezje yn Snits útein set wurde mei in lytse 20 muzikanten. Dat tal waakse dy hjerstmis hurd oan en mei de Krystdagen koe der fuort al mei sa’n 25 minsken in Krystkonsert jûn wurde yn de St Martinustsjerke fan Snits. Dêrfoar hie op 15 novimber it orkest al presintearre yn Warkum dêr’t ek Thijs van Leer oan it konsert meiwurke. De reaksjes op dizze twa konserten wiene tige posityf sadat der mei fertrouwen fierder wurke wurde koe.

     

    Op 23 desimber 2003 waard it Koraalorkest Hymne troch it ûndertekenjen fan it karbrief by de notaris formeel oprjochte. It orkest wie al yn 2006 folgroeid mei 30 leden. Alle partijen ha in brede besetting. No, yn 2012 binne der 32 leden oeral út de provinsje. It orkest wurdt wolris in brassband plus neamd, omdat der oan de brassband trije saksofoans en inkele trompetten taheakke binne. It repertoire bestiet út wurken fan de ‘klassikers’ Bach, Händel en Mozart en bewurkings fan modernere komponisten lykas C. Franck. Dêrnjonken makket de dirigint, Jan Brens, sels hiel wat bewurkings foar Hymne.

    It earste stik dat Hymne op it earste konsert yn Warkum op 15 november 2005 hearre liet wie Deep Harmony

     

    Deep Harmony (dûbeldklikke en eefkes wachtsje)

    Hyme repeteart op moandeitejûns fan 19.15 oant 21.15

    yn it Advendogebouw Korte Vreugde 22, 8602 TR Snits

    wa ‘t belangstelling hat om mei te spyljen is fan herten wolkom. Graach earst eefkes kontakt opnimme mei it bestjoer. Sjoch derfoar ûnder de skeakel leden.