-
Wylst de wrâld fan wille skattert
Posted on oktober 4th, 2010 No commentsOp snein 7 novimber sil yn de RK Tsjerke op It Hearrenfean de premjêre wêze fan
“Wylst de wrâld fan wille skattert”,
it Frysk Rekwiem fan Jan de Jong en Eppie Dam troch it Keamerkoar Con Amore Musica.
Yn it Frysk Rekwiem wurde de fêste ûnderdielen fan de Latynske deademis (Requiem Aeternam, Kyrie, Sanctus, Agnus Dei, Lux Aeterna, Pie Jesu, In Paradisum) ôfwiksele mei út it Ingelsk oersette teksten.
Se bekommentariearje de fêste sangen, dy’t hjir oars frijer werjûn binne as yn har tradisjonele foarm. Neist fjouwer oersettingen, draacht Eppie Dam trije teksten by fan eigen hân.
Yn ’e komposysje fan Jan de Jong is in foarname rol weilein foar de sopraansaksofoan. It ynstrumint past fan natuere goed by it strykensemble dêr’t er lyksa foar keas. As klavierynstrumint kompletearret net it oargel, mar de piano de net-fokale besetting. It Frysk Rekwiem is skreaun foar mingd koar en twa solisten: mezzosopraan en bariton.
Der is in twadde útfiering op 4 maaie om 20.30 oere yn de Martinitsjerke fan Boalsert.
-
Premjêre JEZUSKANTATE
Posted on maart 10th, 2010 No commentsEarste peaskedei 4 april sil yn de Martinitsjerke fan Snits om 15.30 oere de premjêre fan de Jezuskantate plakfine.
Koraalorkest “Hymne” sil yn ‘e mande mei in grut gelegenheidskoar yn fûgelflecht it libben fan Jezus ferklankje. Dirigint Jan Brens skreau dit wurk foar koar, orkest en ferteller.
Annie Visser, dy’t ek twa jier lyn de “Johannes Passy” glâns joech yn de fertelparten, sil no wer soargje foaar de proazastikken.
Jan Moens út Luttelgeest begeliedt it koar op piano.
It koar bestiet út leden fan it okkerdeis oprjochte “Súdwestkoor”, oanfolle mei oare sangleafhawwers út de súdwesthoeke fan onze provinsje.
“Hymne” hâldt om de twa jier mei Peaske in grut konsert op de middei fan de earste peaskedei. In folgjende kear sil de Johannespassy wer útfierd wurde, wertroch der in tradysje ûntstiet fan peaskejubel. Eartiids wie it net de gewoante yn Nederland om tidens de peaskedagen konserten te jaan. Doe’t “Hymne” hjir yn 2008 mei begûn, die it bliken dat hjir wol ferlet fan wie. In grut publyk geniete doe fan in yndrukwekkende útfiering.
De “Jezuskantate” jout in oersjoch fan de berte, it libben, de dea en de ferrizenis fan Jezus fan Nazareth.
De muzyk bestiet foar it grutste part út bekende wizen. De lietteksten en de ferbinende ferhalen binne lykas de muzykarrangeminten troch Jan Brens makke. Koarlid Wieberen de Wit sil solearje op de dwêrsfluite by inkele parten yn de kantate.
It wurk duorret in dik oere en de tagong is, lykas wenst by “Hymne”, fergees. Wol sil der in kollekte by it útgean wêze om de ûnkosten te dekken.
Foar ynljochtings: J. van der Bij (0515-559597)
-
Benefyt Konsert foar Edukans
Posted on januari 4th, 2010 No commentsBenefytkonsert koraalorkest Hymne
Koraalorkest Hymne hâldt op 17 jannewaris om 15.30 oere in benefytkonsert foar Edukans yn de Martinitasjerke fan Snits. Meiwurking wurdt der jûn troch it 100 persoanen tellende gelegenheidskoar 2010 út de Súdwesthoeke.
It krystkonsert fan “HYMNE” koe troch it winterwaar dit jier net trochgean. As kompensaasje wurdt der op 17 jannewaris in benefytkonsert jûn dêr’t de opbringsten fan bestimd binne foar Edukans. Edukans is in ûntwikkelingsorganisaasje dy’t yn trêde-wrâld-lannen it ûnderwys stipet: troch finânsjele help foar skoalgebouwen en learmiddels.
It oanpaste programma programma duorret in oere en bestiet út yntrumintale muzyk, koarsang en it mei inoar sjongen. De algehiele muzikale lieding is in hannen fan dirigint Jan Brens.
“Hymne” spilet û.o. “Neapolis” (betsjut lykas Napels: nije stêd) fan komponist Dean Goffin en “Licht, dat ons aanstoot in de morgen” yn in bewurking fan de dirigint.
It “Koar 2010” bestiet út leden fan ferskate ferienings út Snits, Wymbritseradiel en oare sjongleafhawwers út de Súdwesthoeke. Yn in ekstra rippetysje hat it koar in pear lieten oan it repertoire taheakke, û.o. “De dag van dit gezang” en “Dank sei Dir, Herr”.
De begelieding op piano is yn hannen fan Jan Moens uit Luttelgeest en âld-Snitser Bouwe Marra. Jan Brens lit wer in saksofoan solo hearre.
De doelstelling fan dirigint en leden is om waarmte te fersprieden troch muzyk en it mei elkoar sjongen! De tagong is fergees, mar nei ôfrin is der in kolekte foar “EDUKANS”
Sûnt de oprjochting yn 2003 kent it orkest al inkele tradysjes lykas it krystkonsert op de snein fóárde Kryst yn de “Martini” en ien kear yn de twa jier mei Peaske in eigen kantate. Yn 2010 wurdt de “JEZUS-KANTATE” útfierd yn de mande mei in grut gelegenheidskoar. De première fan dizze kantate, dy’t skreaun is troch Jan Brens, is op de earste peaskedei om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Snits.