-
Dirigint
Jan Brens wie sûnt de oprjochting yn 2003 de earste dirigint en mei-oprjochter fan Koraalorkest Hymne. Hy hat it orkest lieden fan 2003 oant jannewaris 2014.
Roelof Bakker fan Tjerkwerd hat yn jannewaris 2014 it stokje oernommen fan Brens. Op 1 febr. 2018 krige Bakker de fraach út Wûns om dêr dirigint te wurden. Omdat Hynme en Wûns beide op moandei repetearje ha wy ôfskied nommen fan Roelof Bakker.
Op 1 febrewaris 2018 hat Menno Haantjes fan Bakkefean foarlopich de direksje waarnommen. Omdat de leden graach trochgean wolle mei Menno Haantjes is hy nei de fakânsje de fêste dirigint fan Hymne wurden. Haantjes is berne yn Balk en wie dêr lid fan it korps. Nei de middelbere skoalle hat hy oan it Konservatorium yn Ljouwert studearre foar direksje foar Harmonie en Fanfare. Haantjes hat noch inkele korpsen, jout les oan muzykskoallen en hat in eigen útjouwerij fan muzyk dy’t hy sels komponearret en arranzjearret.
Nei simmerfakânsje fan 2022 hat Willem Flisijn syn opwachting makke as dirigint fan Hymne. Willem Flisijn is berne yn 1952 yn Ljouwert. Op jonge leeftijd hie hy al pasje foar de muzyk en doe’t er âlve wie waard hy lid fan Brassband Soli Deo Gloria (no: Soli Brass) út Ljouwert. Syn earst lessen op de trombone krige hy fan dirigint Sjoerd Nieuwland. Letter op it muziekynstitút krige hy les fan Hotzen Nijdam doe de 1e trombonist fan it Frysk Orkest en trombonist Durk Lautenbach.
Yn 1973 ferruile hy Soli Deo Gloria foar “Excelsior” út Surhuzum, dat doe ûnder lieding stie fan Sierd de Boer. Brassband “Excelsior” wie doe in brassband mei heech oansjen en wie in foarbyld foar de Nederlânske brassband wrâld. Letter waard Willem Flisijn 1e trombonist by “It Heideblomke” fan De Harkema û.l.f. Joop Bosgraaf. Yn dy tiid makken de Nederlânske brassbands in grutte ontwikkeling troch om it nivo fan de Britske brassbands nei te stribjen. Willem Flisijn hat dizze deze ontwikkeling fan tichtby meimakke. Sierd de Boer en Joop Bosgraaf wiene foar him de grutte stimulators.