-
Der binne noch inkele Bûsboekjes 2013
Posted on november 20th, 2012 No commentsDe redaksje fan it Bûsboekje, de iennigste Fryske aginda, dielt mei dat minsken dy’t noch graach in eksimplaar ha wolle der flot by wêze moatte. No’t Sinterklaas foar de doar stiet komt de boaium yn sicht. Wa’t syn holle noch brekt oer wat foar kadoke der dit jier betocht wurde moat kin noch terjochte op www.frysk-busboekje.nl/ of by 06 10586047.
Dit jier dûkt it Bûsboekje 2013 yn de wrâld fan de blaasmuzyk: de wrâld fan de minsken mei de grutte wangen en de folle lippen, de wrâld fan it glimmende koper en it tetterjende lûd, mar ek fan de dragende toan en de harmony; de wrâld fan konkoersen, kampioenskippen en kuierjende korpsen troch de strjitten. Foar guon in tiidferdriuw, foar guon in libbensfulling. Foar oaren in ûnbekende wrâld.
De redaksje is al wer drok dwaande mei it Bûsboekje 2014: regeare is foarút sjen. It tema foar dat jier is al fêststeld en de redakteuren wurde no oansocht.
———————————————————————————————————————————
Leave a reply