-
Krystkonsert
Posted on november 3rd, 2014 No commentsMei de beide dirigenten fan Hymne en it IMD binne ôfspraken makke oer de opstelling en in tal praktyske saken. Dat binne:
– Hymne sit foar de preekstoel mei de rêch der nei ta (gesicht nei it publyk)
– it koar (110 man) sit yn de banken foar it oargel en bliuwt dêr ek tidens har optreden,’
– it konsert duorret likernôch fiif kertier, mei twa kear in blokje fan 15 min. foar korps en koar,
– der is romte foar it sjongen fan it publyk fan 15 minuten,
– kofje is foar rekken fan Hymne, foar IMD is dat as se om 14.00 oere binnenkomme,
– 14.00 oere ynspyljen fan Hymne,
– 14.30 oere ynsjongen fan IMD,
– 15.00 oere korps en koar lûke har werom wylst it publyk der ynkomt, doar iepen om 15.00 oere en dy giet net om 15.30 ticht,
– 15.30 oere komt earst it korps op mei ynstruminten, útsein bassen en trombones,
– iepening troch de foarsitter (advys oan publyk om net te klappen tidens it konsert, mar oan ‘e ein). Dêrnei komme de dirigenten der yn.