-
Brief fan it bestjoer oan B&W fan SWF oer de nije subsydzjeregeling
Posted on augustus 27th, 2013 No commentsOan B&W fan de Súdwestfryslân,
Oan de hear A. B. Heemsbergen
Postbus 10.000
8600 HA SnitsTwellegea, 27 aug. 2013.
Underwerp: “Conceptregeling Amateurkunst, muziek”.
It bestjoer fan Koraalorkest Hymne, festigingsplak Snits, hat de boppeneamde nota besprutsen. Yn de ûndersteande punten fine jo it stânpunt fan it bestjoer oer dizze nota.
1. Om posityf te begjinnen: it bestjoer hat der gjin probleem mei dat 10% fan it totale subsydzjebedrach ynsetten wurdt foar fernijende aktiviteiten. Lêstich is it om te beoardieljen wat krekt under innovative aktiviteiten ferstien wurde moat. It liket ús bestjoer dêrom net ferstannich om in swierwagend advys fan de Femuza hjir foar yn te setten. De leden fan Femuza belanghawwene omdat se ôfurdige binne troch de eigen ferienings. Unôfhinklike adviseurs liket ús bestjoer hjir mear op syn plak.
2. De útstelde ferhâlding fan it restearjende bedrach fan trijekwart as basisbedrach en ien kwart foar de optredens is neffens ús ek in ridlike ferdieling. Dat korpsen dy’t in protte iepenbiere optredens ha wat mear krije as guon dy’t net folle konserten jouwe, kinne wy ek billikje. Der sil dan wol in goede en rjochtfeardige ferdielkaai fûn wurde moatte.
3. Us bestjoer hat wol prinsipiële beswieren tsjin de útstelde grins fan 30 leden. It liket der op dat hjir as útgongspunt Matth. 13:12 keazen is (yn de Steatenfertaling): “Want wie heeft, dien zal gegeven worden, en hij zal overvloediglijk hebben; maar wie niet heeft, van dien zal genomen worden, ook dat hij heeft”. Lytse korpsen ha deselde basiskosten as grutte korpsen: de dirigent en de sealhier sille foar beide net folle út inoar rinne, mar de kontribúsje-ynkomsten fan de grutten binne oanmerklik heger. Wy freegje ús ôf oft hjir net te folle keazen is foar it prinsipe fan de frije merk en grutskaligens. De lytsen moatte ferskuorrend har bêst dwaan om de saak draaiend te hâlden. Ut dat eachweid soe der krektlikefolle foar te sizzen wêze om de lytsen mear te jaan as de grutten. It kultuerbelied fan de gemeente is der dochs net oprjochte om mar inkele grutte korpsen oer te hâlden? As de leefberens fan de doarpen sa wichtich fûn wurdt dan soene op syn minst grut en lyts gelyk behannele wurde moatte. Kultuerbelied is mear as it modieuze ferhaal oer “outputfinansiering”. It wol der by ús bestjoer net yn dat dizze maatregel de muzykbeoefening yn Súdwestfryslân befoarderje sil mei syn grut tal doarpen. As der gjin korps mear is op in doarp hat de jongerein ek net de kâns dêr mei yn de kunde te kommen en sels it spyljen te learen en muzikant te wurden. Dêrom is de konklúzje fan it bestjoer fan Hymne om dy 75% lyk te ferdielen oer de orkesten dy’t in minmaal oantal repetysjes hâlde en in minimaal tal konserten op it programma hawwe. Dit liket ús bestjoer gjin rjochtfeardige ferdieling en wy binne der dêrom poer op tsjin.
Wy pleitsje hjir net foar ússels omdat ús orkest oan de goede kant fan de streep sit en allinne mar profitearje sil fan de útstelde ferdieling.
4. De 30-leden regel is om noch oare reden arbitrêr. Der binne in protte brass-bands yn Fryslân. In brass-band hat in fêst tal leden fan om-en-de-by 26. Dus falle dizze korpsen allegearre yn it lege taryf. As der dan dochs sa’n grins lutsen wurde moat dan soe 20 mear foar de hân lizze. Dat biedt yn elts gefal wat lucht foar de brass-band, mar dat is net de earste kar fan ús bestjoer lykas wy by 3 taljochte ha. Wy pleitsje foar in likense (en earlike) ferdieling.
Foar it bestjoer fan Koraalorkest Hymne,J. van der Bij (skriuwer)
Lytse Súdein 55
8624 TS Twellegea.
0515-559597 -
Jubileumkonsert fan Hymne
Posted on augustus 13th, 2013 No commentsOp 6 oktober 2013 om 16.00 oere sil koraalorkest HYMNE konsertearje yn de Martinitsjerke fan Boalserd. As gasten binne útnoege de bekende sopraan Judith Sportel út Hoogeveen en it Schevenings Mannenkoor û.l.f. Jimco Zijlstra.
Tsien jier lyn waard Koraalorkest Hymne oprjochte op inisjatyf fan dirigent/saksofoanist Jan Brens út Snits. Fia oproppen op Omrop Fryslân en yn it Sneeker Nieuwsblad kamen in 20-tal muzikanten út de hiele provinsje Fryslân nei it Bogerman College yn Snits foar de earste repetysje. Underwilens is de feriening útgroeid ta 30 leden, ôfkomstich út 20 plakken yn de provinsje.
It jubileumkonsert sil in oersjoch biede fan de muzykwurken út de ôfrCategoriënûne 10 jier. Yn diverse kombinaasjes sille sopraan, orkest en koar mei de eigen pianist/dirigent Jimco Zijlstra in spannend programma bringe. Jimco Zijlstra dirigearet HYMNE yn “St. Anna” yn in arrangemint fan Jan Brens.
It Schevenings Mannenkoor sil yn ien wurk (“Dank sei Dir, Herr”) ûnder lieding stean fan de orkestdirigent. Ek sille de saksofoans ontinken krije yn in spesjaal foar it jubileum skreaun wurk. De lieten, dy’t it koar sjonge sil, binne foar it grutste part bewurke troch dirigint Jimco Zijlstra. Orkest, koar en Judith Sportel slute it konsert ôf mei de “Evening Song” (arr. Jan de Haan).
Kaarten à € 7 binne te krijen by de yngong fan de tsjerke (in kopke kofje of tee yn it skoft ynbegrepen).
Programma op 6 oktober:
1. HYMNE: “Deep Harmony” )—-trad./arr.Jan Brens (1e muziekstuk 2003
2. Openingswoord Lammert Knobbe – voorzitter HYMNE
3. HYMNE:
a.“Der Mond ist aufgegangen”—arr. Jacob de Haan
b. “Licht dat ons aanstoot in de morgen”-arr.J.Brens (+Judith Sportel)
4. JUDITH SPORTEL (zang) en JIMCO ZIJLSTRA (piano)
(koorleden komen zingend op vanaf links vooraan in de kerk)
5. Schevenings Mannenkoor ( koorleden gaan zitten links vooraan in de kerk)
6. HYMNE:
a. “Graduale” – Anton Bruckner
b. “Peace like a river”—trad. (+ Judith Sportel)
c. “St. Anna”—arr. Jan Brens (o.l.v. Jimco Zijlstra !!)
d. ”Saxofoon-Hymne”-arr.Jan Brens (+Judith Sportel en Jimco Zijlstra)
————————-P A U Z E———————————–Skoft ————-
7. HYMNE:
a. “Meditation Divine Communion” b. “Meditation Spirit of the living God” —arr. Jan Brens
8. JUDITH SPORTEL (zang) en JIMCO ZIJLSTRA (piano)
(koorleden komen zingend op vanaf links vooraan in de kerk)
9. Schevenings Mannenkoor (koorleden gaan links vooraan weer zitten)
10. HYMNE:
a. Harre meine Seele – E. Ruh
b. uit Rode boekje nr. 124 (“Coventry Carol”)—koorleden komen op
c. “It Âldershûs”—arr.Jan Brens (+1 coupl. Schevenings Mannenkoor)
d. “Evening Song”- arr. Jan de Haan (+ Judith Sportel en koor)
11. Sluiting met daaropvolgend HYMNE: nr. 101 uit Rode boekje (“Stracathro”)