-
Krystkonsert “Hymne” mei it “Krystkoar 2011”
Posted on december 1st, 2011 No commentsKoraalorkest HYMNE hâldt syn tradisjonele krystkonsert op snein 18 des. om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Snits. Ek dit jier is der wer in grut krystkoar foarme dat bestiet út leden fan it “Súdwestkoor”, oanfolle mei sangleafhawwers út de gemeente Súdwest-Fryslân. It gehiel stiet ûnder leiding van dirigent/saxofoanist Jan Brens út Snits.
As gebaar nei syn publyk binne de konserten fan Hymne op sneintemiddeis altyd fergees. It is sûnt de oprjochting al wer de njoggende kear dat it orkest op de snein foar de krystdagen in krystkonsert jout.
De 32 leden fan it orkest komme út in 20-tal plakken yn ús provinsje. Alle jierren wurket Hymne mei oan sa’n 15 evenemínten: fan konserten, betinkings oant tsjerketsjnsten.
De lêste 5 jier krije de leafhawwers fan sjongen út de Súdwesthoeke fan Fryslân de kâns om yn in grut koar mei te sjongen. Yn in 5-tal repetysjes binne dit kear 11 krystlieten ynstudearre.
Ofwikseljend wurde âlde en nije lieten útfierd mei orkest en mienskiplik sjongen. HYMNE spilet in pear wurken fan Jacob de Haan, û.o. “Der Mond ist aufgegangen” en “Ich steh an Deiner Krippen her”. Dêrnjonken lit it orkest in pear bewurkings fan de dirigint hearre: “European Christmas”, “Licht dat ons aanstoot in de morgen” en “Panis Angelicus”.
It “krystkoar 2010” mei mear as 100 leden sjongt mei HYMNE “Peace like a River”. Fansels krije ek de âlde fertroude lieten rom omtinken.
Om de kosten te dekken is der by it útgean in kollekte.
Leave a reply