-
Krystkonsert Koraalorkest “Hymne” mei “Krystkoar 2010”
Posted on december 3rd, 2010 No commentsKoraalorkest HYMNE hâldt syn tradisjonele krystkonsert op sein 19 dec. om 15.30 oere yn de Martinitsjerke fan Snits. Ek dit jier is der wer in grut krystkoar foarme, besteande út leden fan it “Súdwestkoar”, oanfolle mei leafhawwers fan sjongen út de omkriten fan Snits. It gehiel stiet ûnder lieding fan dirigint/saksefoanist Jan Brens út Snits. It is al wer de achtste kear dat it orkest, sûnt syn oprjochting, in krystkonsert jout. HYMNE sjocht noch hieltyd kâns om syn publyk de konserten fergees oan te bieden op de sneintemiddeis. Spitigernôch koe it konsert fan ferline jier om it winterske waar net trochgean.
De leden fan dit spesjaal op koraalmuzyk rjochte orkest komme út alle hoeken fan de provinsje. It eigen karakter fan it orkest sprekt har oan. Alle jierren wurket it orkest mei oan sa’n 15 optredens, konserten, betinkings en tsjerketsjinsten.
De lêste 4 jier jout Hymne de sjongers út de Súdwesthoeke fan Fryslân de kâns om yn in grut koar mei te sjongen by inkele útfierings fan Hymne. Yn in trijetal repetysjes binne dizze kear 11 krystlieten ynstudearre. Orkest en koar wikselje inoar ôf yn it konsert wêrby’t âlde en nije lieten te hearren binne. Der is ek wer romte makke yn it programma foar it mei elkoar sjongen.
HYMNE spilet û.o. in pear wurken fan Jacob de Haan: “The Spirit of Christmas”en “Ich steh an Deiner Krippen her”. Dêrnjonken binne der komposysjes fan de dirigint: “In Bethlehems stal” en “Licht dat ons aanstoot in de morgen”.
It “Krystkoar 2010” sjongt û.o. mei HYMNE it “A day of Glory” fan Ray Shepherd en “Mary’s Boy Child” yn in bewurking fan de dirigint. Ek it nije krystliet “Kom, ’t is Kryst” mei tekst en muzyk fan Jan Brens, sil it koar sjonge. Fansels sille de âlde, bekende lieten rom omtinken krije, benammen by it mienskiplik sjongen.
Om de kosten te dekken wurdt by de útgong in kollekte hâlden.
Leave a reply