• Premjêre JEZUSKANTATE

    Posted on maart 10th, 2010 Jaap No comments

    Earste peaskedei 4 april sil yn de Martinitsjerke fan Snits om 15.30 oere de premjêre fan de Jezuskantate plakfine.

    Koraalorkest “Hymne” sil yn ‘e mande mei in grut gelegenheidskoar yn fûgelflecht it libben fan Jezus ferklankje. Dirigint Jan Brens skreau dit wurk foar koar, orkest en ferteller.

    Annie Visser, dy’t ek twa jier lyn de “Johannes Passy” glâns joech yn de fertelparten, sil no wer soargje foaar de proazastikken.

    Jan Moens út Luttelgeest begeliedt it koar op piano.

    It koar bestiet út leden fan it okkerdeis oprjochte “Súdwestkoor”, oanfolle mei oare sangleafhawwers út de súdwesthoeke fan onze provinsje.

    “Hymne” hâldt om de twa jier mei Peaske in grut konsert op de middei fan de earste peaskedei. In folgjende kear sil de Johannespassy wer útfierd wurde, wertroch der in tradysje ûntstiet fan peaskejubel. Eartiids wie it net de gewoante yn Nederland om tidens de peaskedagen konserten te jaan. Doe’t  “Hymne” hjir  yn 2008 mei begûn, die it bliken dat hjir wol ferlet fan wie. In grut publyk geniete doe fan in yndrukwekkende útfiering.

    De “Jezuskantate” jout in oersjoch fan de berte, it libben, de dea en de ferrizenis fan Jezus fan Nazareth.

    De muzyk bestiet foar it grutste part út bekende wizen. De lietteksten en de ferbinende ferhalen binne lykas de muzykarrangeminten troch Jan Brens makke. Koarlid Wieberen de Wit sil solearje op de dwêrsfluite by inkele parten yn de kantate.

    It wurk duorret in dik oere en de tagong is, lykas wenst by “Hymne”, fergees. Wol sil der in kollekte by it útgean wêze om de ûnkosten te dekken.

     Foar ynljochtings: J. van der Bij (0515-559597)